Drone-akku's binne samar leech mei dizze kjeld

Besitters fan drones dogge der ferstannich oan om harren apparaat by temperatueren ûnder nul oan de grûn te hâlden. Dat seit drone-ûndernimmer Jan Wiersma fan it bedriuw Vliegend.nl út Dokkum. Neffens Wiersma binne drone-akku's by temperatueren ûnder nul folle flugger leech. In drone kin dan ûnbestjoerber wurde of sels delstoarte. Yn Fryslân is dat - foarsafier ús bekend - dizze froastperioade noch net bard, mar op guon oare plakken yn Europa wol.
Waarme akku
Wiersma advisearret drone-besitters dêrom om net needsaaklike flechten út te stellen oant dat de temperatuer wer boppe nul is. Yn it gefal dat minsken dochs in drone ynsette wolle, dogge se der goed oan om mei waarme akku's te wurkjen, want dy geane langer mei as kâlde akku's. Der binne trouwens ek drones op de merk, dy't wol in skoftke fleane kinne as it kâld is. It giet dan meastentiids om de djoerdere types foar bedriuwsmjittich gebrûk. De wat goedkeapere drones foar de konsumintemerk kinne yn 'e regel net goed oer winterwaar, sa warskôget Wiersma. It risiko sit dan net allinnich yn de drones sels, mar ek yn it apparaat dat de drone oanstjoert. Dat wurdt faak dien mei in tablet of in smartphone en ek dy binne mei lege temperatueren samar leech.
Hurde wyn
It bedriuw fan Wiersma leveret drones oan ûnder oare bouboeren, mar ek wol oan natuerorganisaasjes, dy't har gebiet sa fan boppe yn de gaten hâlde kinne. Alle klanten krije wiidweidige ynstruksje oer wannear't se in drone wol en net ynsette kinne. Drones binne oer it generaal gefoelich foar min waar. Njonken kjeld binne ek hurde wyn en in soad reinwetter risikofaktoaren.