Brânwacht oer Sint-Jabik: "Better út foarsoarch klearstean"

03 mrt 2018 - 08:37

Yn Sint-Jabik wie freed melding fan in grutte brân by metaalbewurkingsbedriuw Meijer Metal. Ek plysje en ambulânses wienen oproppen, mar úteinlik die bliken dat der net folle te rêden wie.

Oer de melding ûntstie betizing om't in mêst yn it C-2000 systeem in steuring hie, dat is it kommunikaasjesysteem fan en foar helpferlieners. "Sa'n steuring hie de meldkeamer noch net earder hân, doe is in omlieding makke nei de meldkeamer yn Driebergen," leit Jan Willem Zwart fan de brânwacht út. "It is in bysûnder bedriuw dêr't ek soerstofflessen binne, dus kinst better út foarsoarch klearstean as te let wêze." It wie net dúdlik oft der noch minsken binnen wienen, de hal stie fol reek. "Sa'n steuring is lestich foar te kommen. It is technyk en der kin wat misgean. We sille dit wol evaluearje."

(advertinsje)