Kollum: "Fryslân yn it tsjuster"

"Woansdei wie op in soad plakken steuring, want de strjitteferljochting brânde net. Twitter eksplodearre sawat, want eltsenien woe der even melding fan meitsje dat de ljochten it net dienen. Ik wie mei de auto ûnderweis. Earst by ús troch it doarp en letter oer de grutte dyk nei It Feen, want we moasten in pear stuollen ophelje. Net nei It Fean, mar nei It Feen, dus. En ek de ljochten by it klaverblêd wienen út.
Myn dochter, dy't har rydbewiis ek hat, ried mei my mei en we wienen it der eins wol oer iens dat we de strjitlampen net echt mist hienen. Al hielendal net by dat klaverblêd. As je mei de auto oer de A-diken ride, is de oerdied oan lampen eins je reinste flauwekul. De ferljochting yn de koplampen fan auto is meastal rom foldwaande om je wei te finen. De hiele Rânestêd is ien grutte krystbeam as je it fan út de romte besjogge.
Fryslân is al aardich tsjuster as je it dêrmei fergelykje, mar woansdei dus noch wat ekstra. Ik moat der wol bysizze dat it woansdeitejûn fansels skitterjend moai waar wie, it frear in graad as njoggen en de moanne skynde syn ljocht oer de greiden dêr't in lyts laachje snie op lei. Dus dan is de wrâld überhaupt al in stik ljochter en moaier. Yn datsoarte gefallen kinne we dochs mei folle minder keunstljocht ta?
As it reint, tsjuster is en it sicht striemin, ja, dan moatte der ljochten wêze om je te helpen je paad te finen. En yn de beboude komt, is it ek noflik foar minsken om je wat feilich te fielen en dus is hjir en dêr in ljochtpunt dan prima.
Maatwurk leverje yn it brûken fan keunstljocht. Maatwurk, it skrikwurd foar alle formattigers en oerheden. Want se binne allegearre deabenaud foar maatwurk. Hoe moat dat dan? No, neffens my is der yn dit gefal gjin reden foar panyk en is der in soad te automatisearjen.
As je no yn hiel Nederlân ris begjinne soenen om de helte fan alle lampen út te dwaan, hoefolle stroom soenen je dan op jierbasis besparje? Mei de helte oan kapasiteit is bygelyks it klaverblêd by It Feen noch altyd mear as genôch ferljochte. By rein, mist en oar waar dêr't ekstra ljocht handich is, kin dat doch troch sensors bepaald wurde? In dikke sniebui? Min sicht troch rein? Hup, de sensor jout oan dat der wat ekstra ljocht byskeakele wurde moat. Is de bui foarby en lûkt de loft iepen? Okee, dan kin der wer in part fan alle ljochtfersmoarging út. It moat yn dizze digitale tiid dochs net sa dreech wêze om soks mooglik te meitsjen?
Mei al it jild en enerzjy dy't je dêrmei besparje, kinne knyppunten op it mêd fan feiligens moai oanpakt wurde. Tsjustere tunneltsjes, gloppen en oare plakken dêr't minsken harren net op harren gemak fiele. Sa snijt it mes oan twa kanten."