Auto rydt de feart yn by Aldskoat, syktocht nei slachtoffers

02 mrt 2018 - 23:36
  • Auto rydt de feart yn by Aldskoat, syktocht nei slachtoffers

In auto is freedtejûn by de Schoterlandseweg by Aldskoat te wetter rekke. Der wurdt troch de helptsjinsten yn it wetter socht nei de ynsittende(n). Yn de auto sels is net ien oantroffen. De plysje hat wol wiete fuotspoaren fûn by it plak fan it ûngefal. Dit plak is ôfset foar fierder ûndersyk.

De auto rekke troch noch ûnbekende oarsaak op 'e kop yn 'e feart. Njonken ferskate helptsjinsten sa as plysje, brânwacht en ambulânse, waard der ek in traumahelikopter oproppen.

Trefwurden: 
ûngelok Aldskoat
(advertinsje)