Sealfuotbalsters Drachtster Boys winne, Avanti ferliest

02 mrt 2018 - 23:23

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn mei 6-0 wûn fan OS Lusitanos út Amsterdam. Foar de Drachtsters skoarden Jessie Prijs (3x), Sieta de Vries en Tjitske Sikma (2x). De froulju stean yn de sealkompetysje op it fjirde plak.

De froulju fan Avanti út Stiens ferlearen freedtejûn fan Drs. Vijfje. It waard 8-3 foar de Grinzers.

(advertinsje)