Leden BFVW befrege oer takomst aaisykjen

02 mrt 2018 - 23:10

Der komt in diskusje oer de rol fan it aaisykjen binnen it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. It haadbestjoer wol dêr en oer noch mear saken in enkête hâlde ûnder de leden. En dat wurdt in hiele spannende diskusje, wit ek foarsitter Rendert Algra.

Nij beliedsplan

Freedtejûn wie de algemiene ledegearkomste fan it bûn yn Earnewâld. Goed fjouwer jier lyn hawwe de leden noch mei in hiele grutte mearderheid oanjûn dat it aaisykjen by it BFVW heart. No't der wer in nij beliedsplan fêststeld wurde moat en de kâns op in provinsjale ûntheffing foar it aaisykjen hiel lyts is, wol it bestjoer dat de leden harren hjiroer wer útsprekke.

Definysje fan aaisykjen

Dêrby is it ek mooglik dat der in nije definysje útrôlet fan it aaisykjen lykas aaisykjen sûnder aaien mei te nimmen. Op de gearkomste waard ek dúdlik dat it oanbieden fan it earste ljipaai op it provinsjehûs der wer net yn sit. De provinsje wol it allinnich tastean as oare natuerklups dêr stipe foar jouwe en dat dogge sy net.

Briedmasine

In hiele grutte mearderheid fan de by it Bûn fan Fryske Fûgelwachten oansletten fûgelwachten hat stimd foar it gebrûk fan briedmasines om aaien út te brieden fan skriezen en ljippen. Betingst is wol dat wittenskiplik ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins ek bewiist dat it in goed helpmiddel wêze kin. Mar sadree't dat bewiis der leit, wol it haadbestjoer de hannen frij ha om sa gau mooglik te begjinnen mei de ynset fan de masines. Dy masines moatte sjoen wurde as in tydlik helpmiddel salang't der gjin strukturele oplossing leit foar de greidefûgelstân yn Fryslân.

(advertinsje)