Plysjehely siket by Eanjum nei mooglik fermiste reedriders

02 mrt 2018 - 22:32

In plysjehelikopter hat freedtejûn boppe de Iezumakeech by Eanjum socht nei twa minsken. Earder hie in persoan yn dit gebiet in plestik sek fûn mei dêryn manljusskuon, berneskuon en beskermers foar redens. Foar de wissichheid hat de plysje yn it gebiet socht, mar der is net ien oantroffen. De plysje hâldt der rekken mei dat reedriders fêstrûn binne of harren spul ferjitten binne.

Reedriders dy't it guod misse, wurde fersocht kontakt mei de plysje te sykjen.

Trefwurden: 
plysje Eanjum Iezumakeech
(advertinsje)