'Doopmem' en kommissaris dope nije wettertaksy

02 mrt 2018 - 22:18

Wagenborg Passagiersdiensten hat freedtejûn syn nije skip m.s. Fostaborg doopt. De feartsjinst sil mei de nije wettertaksy en yn gearwurking mei Arriva Fryslân in nije sneltsjinst betsjinje tusken Ljouwert en It Amelân. Dy tsjinstregeling krijt tolve ôffearten op in dei. Reizgers kinne sa fan 26 maart ôf binnen in oere fan de stêd nei It Amelân reizgje.

Doopmem

It is in tradysje dat in frou de doop fan in skip docht, om't der oars rampen ûntstean kinne. De doop fan de m.s. Fostaborg waard dien troch doopmem Leemhuis-Stout. Sy waard bystien troch de kommissaris fan de Kening, Arno Brok.

48 minsken by eltse oertocht

It skip is op Fryske boaiem boud. Mei it skip kin de rederij fanôf de maitiid 48 minsken by eltse oertocht fan en nei It Amelân bringe. Reizgjen oer it Waad krijt hjirmei neffens Wagenborg in nije diminsje om't der mei in snelheid fan 40 kilometer yn 'e oere fearn wurde sil. De m.s. Fostaborg is ferneamd nei de fruchtberheidsgoadinne Fosta. 'Borg'' ferwiist nei de Koninklijke Wagenborg Groep.

(advertinsje)