Flyers hurd op wei nei heale finale play-offs BeNe-league

02 mrt 2018 - 22:02

De UNIS Flyers hawwe freedtejûn in goede stap set rjochting de heale finale fan de play-offs yn de BeNe-league. De Feanster iishockeyers wiene freed yn Thialf mei 5-1 te sterk foar Amsterdam Tigers. De perioadestannen wiene 3-0, 0-1 en 2-0. As de Flyers snein de twadde wedstriid tsjin Amsterdam ek winne, dan stean se yn dy heale finale.

Amsterdam begûn driigjend, mar it wiene de Flyers dy't yn de earste perioade de skoare iepenen. Pippo Limnell skoarde de 1-0 út in counter en dêrnei wiene de Flyers hear en master. Ronald Wurm makke de 2-0 en Marco Postma de 3-0.

Yn de twadde perioade kaam Amsterdam wat werom yn de wedstriid. John Versteeg makke de 3-1 en efkes letter rekke Iwan Muso de latte. Fierder lieten de Flyers it yn dizze matige twadde perioade net komme.

Pippo Limnell smiet oan it begjin fan de tredde perioade mei syn twadde goal fan de jûn it duel op slot: 4-1. Net lang dêrnei soarge Aldo van Aalderen noch foar de 5-1 einstân.

It wie foar Marco Postma syn 500e duel foar de UNIS Flyers. Hy waard nei ôfrin fan de wedstriid yn it sintsje set.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)