SC Cambuur yn slotfaze ûnderút by FC Oss

02 mrt 2018 - 21:48
  • Trainer René Hake
  • Daan Boerlage
  • SC Cambuur tsjin FC Oss

Sportklup Cambuur is freedtejûn mei lege hannen efterbleaun nei it duel by FC Oss. De ploech fan trainer René Hake ferlear mei 2-1 op besite by de Brabanners.

Beide ploegen wienen yn de earste helte oan elkoar weage. Se koenen beiden oanfallend net in fûst meitsje en de 0-0 brilstân oan 'e ein fan de earste helte wie dan ek terjochte. Sa'n bytsje as der yn de earste helte barde, safolle barde der oan it begjin fan de twadde helte. Kâld yn it fjild soarge Richard van der Venne ynienen foar de 1-0 foar Oss. Cambuur kaam inkelde minuten letter mei it antwurd: Daan Boerlage skeat de 1-1 binnen nei in foarset fan Daniel Crowley.

De wedstriid like op in lykspul út te draaien, mar Norichio Nieveld makke yn de 87e minút de 2-1 foar Oss. Troch it ferlies reitsje de plakken foar de play-offs hieltyd fierder bûten it berik fan de Ljouwerters.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)