FIDEO: Memmen fan Fryske Olympyske helden sjogge werom

02 mrt 2018 - 21:34
  • Memmen fan Fryske Olympyske helden sjogge werom
  • Rianne de Vries kin net sûnder har mem

Hoe ha de memmen fan ús Fryske Olympiërs meilibbe mei de sportprestaasjes fan harren bern yn Súd-Koreä? De memmen fan Sjinkie Knegt (Liesje), Suzanne Schulting (Suzanne) en Jorrit Bergsma (Japke) fertelle dêr freed oer yn Fryslân Hjoed. 

"Ik ha wol senuwen as Sjinkie ride moat," fertelt Liesje Knegt. "Ik raas altyd by de wedstriid, wit wol dat er my net heart, mar dat makket my net út." "Myn man skriuwt altyd de rondetiden op en ik moat net tefolle geklets om my hinne ha, ik wol it riden sjen," fertelt Japke Bergsma. 'Stuiterbal' Suzanne soe dat fan har mem ha, mar Hannie wie dêr wol fernuvere oer doe't se dat hearde. "Doe't ik weromkaam út Koreä, seinen myn dochters dat de rêst wer foarby wie, dus se sil it wol fan my ha. Under it riden bin ik hielendal yn de war en it leafst sjoch ik net" fertelt se.

Shorttrackster Rianne de Vries sjocht ek mei har mem (Sytje) werom op de Spelen, dy't har gjin medalje oplevere.

Trefwurden: 
Olympyske Spelen
(advertinsje)