Bantegea ferneamt fjild nei Sjinkie Knegt by huldiging

02 mrt 2018 - 20:28

Sjinkie Knegt is freedtejûn yn syn wenplak Bantegea huldige foar syn prestaasjes by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. De shorttracker kaam thús mei in sulveren medalje op de 1.500 meter. Inkelde wiken dêrfoar wûn er mei grut fertoan fan macht it Europeesk kampioenskip shorttrack yn Dresden. Knegt ried freed mei in crossauto Bantegea yn, folge troch inkelde fan syn crossauto-freonen. Hjirnei waard er huldige op in poadium foar SCC De Pomp oan de Middenwei. Hy waard dêr tasprutsen en krige kado's.

Fjild ferneamd nei Sjinkie

Ta syn ferrassing krige Knegt te hearren dat it fjild foar basisskoalle De Reinbôge yn it doarp nei him ferneamd wurdt. It hjit tenei 'Sjinkie fjild'. It doarp wol mei dizze ferrassing oan de bekendste ynwenner fan it doarp, fernimme litte dat se tige grutsk op him binne en dat er as sportman in ynspiraasje is foar de doarpsbern.

(advertinsje)