Brân yn reiden dak yn Sânhuzen

02 mrt 2018 - 20:04

De brânwacht fan Mearum, Haulerwyk, Roden en Eelde en in heechwurder fan de brânwacht Grins binne freedtemiddei oproppen foar in wenningbrân oan de Oudewijk in Sânhuzen. It giet om in brân yn in reiden dak. 

Foarbygongers seagen it fjoer út it dak kommen. De eigener hat fuort besocht mei in túnslang de brân te blussen, mar dat slagge net. De brânwacht koe úteinlik slimmer foarkomme troch de brân te beheinen ta in lyts part fan it dak.

Om't der yn de omlizzende wetteren iis leit, waard opskaald nei middelbrân en waarden út foarsoarch meardere wetterweinen oproppen. Sa kin der foar elke wetterwein 15.000 liter ekstra wetter oanfierd wurde. Der is ek in ambulânse nei de wenning ta kaam, mar wêrom is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
brân Sânhuzen
(advertinsje)