Gymnasium Beyers Naudé wurdt Masterskipskoalle

It Beyers Naudé yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Andries Bakker
Learlingen fan it Gymnasium Beyers Naudé krije de kâns om op reis te gean mei it Masterskip Wylde Swan. It skoalprogramma giet dan yntusken gewoan troch. De Wylde Swan is in sylskip wêrop't learlingen út hiel Nederlân út de boppebou fan it havo en vwo seis wiken lang de wrâld ferkenne kinne. Oan board binne fakdosinten dy't de learlingen les jouwe.
Twadde fan Nederlân
It Gymnasium Beyers Naudé wurdt woansdei 7 maart beneamd ta offisjele Masterskipskoalle. Hjirmei binne se nei it csg Bogerman yn Snits de twadde Masterskipskoalle fan Nederlân. "Er zullen nog vele volgen, maar het Beyers Naudé is wat ons betreft hét voorbeeld van een school die laat zien dat buitenschools leren een enorme verrijking kan zijn voor leerlingen. Samen met de nog volgende Masterskipscholen vormen zij een netwerk van scholen die onderwijs op maat en buitenschools leren hoog in het vaandel hebben staan." seit Masterskip-inisjatyfnimster Hinke de Vries.
De ôfrûne jierren hawwe meardere learlingen fan de skoalle al mei west oan board fan Masterskip Wylde Swan.