FIDEO: Topdrokte mei reedriders op de Iselmar by Hylpen
Op de Iselmar by Hylpen wurdt sûnt freed reedriden. Efter de jachthaven leit op guon plakken in iisflier fan 11 sintimeter. De iisklup fan Hylpen hat dêr in baan útset fan goed 2 kilometer lang. Der kamen freed al sa'n 800 minsken te riden op de iisbaan by Hylpen. De lêste kear dat dêr riden waard, wie yn 2013.