UPDATE: Brân Sint-Jabik ûnder kontrôle, betizing oer melding

Yn Sint-Jabik is melding makke fan in tige grutte brân by metaalbewurkingsbedriuw Meijer Metal. De brânwacht wie mei weinen oanwêzich út Sint-Anne, Harns, Hallum, Ljouwert, Menaam, Drachten en Stiens, mar it die bliken dat der net in soad te rêden wie.
GRIP 1
De melding fan de brân kaam healwei seizen binnen by de brânwacht. Der waard al gau opskaald nei grutte brân en tige grutte brân, omdat de brânwacht ûnderling net goed mei-elkoar kommunisearje koe. Dat hie te krijen mei in steuring yn it C2000 netwurk, dit is in sluten netwurk foar helpferlieners. Om wis te wêzen dat der wol foldwaande helptsjinsten op it plak fan it ynsidint oanwêzich wiene, waard dêrnei ek opskaald nei GRIP 1. Sa wiene ek in ambulânse, traumahelikopter en ferskate mjitploegen oanwêzich om eventuele giftige stoffen te mjitten yn de omjouwing.
Brân yn lasersnijer
Uteinlik die bliken dat der koarte tiid brân west hat yn de ôfsûging fan in lasersnijer. Hjirby kaam ek reek frij. Dizze brân is blust troch de brânwacht. Der wiene op dat stuit ek gjin minsken oanwêzich yn it gebou.
Betizing
Der wie by de brânwacht lange tiid betizing oer wat krekt de oarsaak fan de steuring wie. Earst waard tocht dat der in steuring wie yn in P2000 stjoermêst. Der waard dêrom noch net fuortendaliks ôfskaald. Pas neidat definityf dúdlik waard dat de oarsaak in kommunikaasjeflater wie en der net in soad te rêden wie, koe de brânwacht om sân oere ôfskale nei GRIP 0.
De betizing by de brânwacht op Twitter: