Seleksje SC Hearrenfean sa goed as fit foar Willem II

02 mrt 2018 - 17:25

Sportklup Hearrenfean hat de seleksje foar it duel tsjin Willem II sa goed as fit. Allinnich keeper Warner Hahn en Dave Bulthuis binne noch altyd blessearre. Hearrenfean trainde freed op it fjild yn De Gordyk. Troch it kâlde waard trainde de ploech foaral yn it stadion dizze wike. Neffens trainer Jurgen Streppel hat de ploech der fierder gjin lêst fan: "We moeten gewoon normaal doen. Het is koud, maar verder is het geen probleem."

Kânsen

Hearrenfean treft sneontejûn mei Willem II wer in tsjinstanner út it rjochter rychje. In ploech dy't ferdiigenjend spilet. "Maar daar hebben wij geen moeite mee. We creëerden tegen Excelsior ook genoeg kansen. Het ontbreekt ons aan het afmaken van de kansen."

Play-offs

Mei noch njoggen wedstriden te gean, stiet Hearrenfean dield njoggende en hat it fjouwer punten minder as ADO Den Haag. Dat plak jout rjocht op dielname oan de play-offs.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)