Plysje pakt asosjaal rydgedrach aktyf oan

It stiet heech op it listje fan de ferkearsplysje: it oanpakken fan asosjaal rydgedrach. Ferkearsdielnimmers steure harren gauris oan it huftergedrach fan oaren en de plysje nimt dy klachten no tige serieus. De plysje kontrolearret de lêste tiid geregeld op it rydgedrach fan hurdriders, bumperklevers en ûnnedich linksriders.
De plysje hat yn it Noarden sawat alle dagen in spesjale fideo-auto op 'en paad om it rydgedrach fan minsken fêst te lizzen, sadat it oanpakt wurde kin.