'Help pake en beppe de fakânsje troch' is grut súkses

02 mrt 2018 - 16:40

De 'Help pake en beppe de fakânsje troch'-wike is sa'n súkses dat in soad musea ek dit wykein noch trochgean mei de spesjale aksje. Fryske musea hawwe dizze wike allegear aktiviteiten organisearre om de pakes en beppes in bytsje te helpen by it oppassen. Troch de grutte belangstelling ferlingje 9 fan it rekôrtal fan 39 dielnimmende musea harren aktiviteiten. Ofrûne jier wiene dat der net mear as twa. De spesjale wike lûkt alle jierren mear besikers, wêrby't de bern fergees nei binnen meie.

Dizze musea ferlingje de aksje:

- Behouden Huys, Skylge
- Oudheidskamer Weststellingwerf, Wolvegea
- Museum Opsterlân, De Gordyk
- Het Hannemahuis, Harns
- Natuurmuseum Fryslân, Ljouwert
- Eerste Friese Schaatsmuseum, Hylpen
- Keramiekmuseum Princessehof, Ljouwert
- Fries Museum, Ljouwert
- Tresoar, Ljouwert

Sjoch foar mear ynformaasje op museum.frl.

(advertinsje)