Offearten It Amelân en Skiermûntseach skrast

02 mrt 2018 - 16:36

Rederij Wagenborg moast freedtemiddei in tal ôffearten nei Amelân en nei Skiermûntseach skrasse, omdat it wetter sa leech stiet en fanwege iis op it Waad. De feartsjinst tusken Holwert en It Amelân leit der oant 18.00 oere folslein út. Fan 18.00 oant 21.00 oere giet der op alle hiele oeren in boat fan Holwert nei It Amelân en ek fan It Amelân nei Holwert.

De wettertaksys en de sneltsjinsten fan Wagenborg farre net. Dat jildt oant en mei snein.

(advertinsje)