Pieter Stuyvesant Kuiertocht begjint en einiget yn De Blesse

02 mrt 2018 - 16:21

De Pieter Stuyvesant Kuiertocht begjint en einiget takom jier yn De Blesse. Dat is foar it earst yn it 17-jierrich bestean fan de kuiertocht, meldt de organisaasje. Elke edysje giet troch in oare hoeke fan Weststellingwerf. Yn de omkriten fan De Blesse hie de Pieter Stuyvesantkuier noch net west.

Minsken kinne meidwaan oan de 10, 20 of 30 kilometer of oan de maraton. De Pieter Stuyvesantkuier is op sneon 1 juny takom jier.

(advertinsje)