Belslydjeien op It Amelân dochs noch ôfblaasd

02 mrt 2018 - 15:56

It belslydjeien op It Amelân giet sneontemiddei dochs net troch. Troch in gebrek oan snie en in hurde wyn hat de organisaasje besletten it evenemint ôf te blazen. Earder dizze wike hie de organisaasje noch besletten dat it belslydjeien nei acht jier wer heve soe, mar hjir komme se freed dus op werom. De teloarstelling by de organisaasje is grut, mar se hâlde goede hope dat it takom winter wol trochgiet.

Trefwurden: 
belslydjeien It Amelân
(advertinsje)