Danny Noppert útskeakele yn twadde ronde UK Open

02 mrt 2018 - 15:33

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is freedtemiddei al betiid útskeakele op de UK Open. Noppert gie yn de twadde ronde fan it telefyzjetoernoai ûnderút tsjin Ryan Harrington, mei 6-3. Oant in stân fan 2-2 gie de wedstriid noch lykop, mar dêrnei rûn de Ingelskman út en pakte er de winst. De útskeakeling is in teloarstelling foar de Jouster. De lêste wiken behelle er op de fliertoernoaien noch in tal goede resultaten.

De UK Open duorret noch oant en mei snein en wurdt spile yn Minehead, yn Súd-Ingelân. Opmerklik is dat it telefyzjetoernoai dit jier sûnder taskôgers spile wurdt. Fanwegen it minne waar yn Grut-Britannië hat de lokaasje besletten, om de feiligens, gjin publyk nei de seal komme te litten. Yn de seal sels wie it ek kâld. De kachels yn Minehead binne stikken en guon darters smite mei in mûtse op en ha in trui oan.

Trefwurden: 
darten Danny Noppert UK Open
(advertinsje)