IIsbrekkers ynset tusken De Lemmer en Delfsyl

02 mrt 2018 - 14:52

Rykswettersteat hat fjouwer iisbrekkers ynset om de farwei tusken De Lemmer en Delfsyl iepen te hâlden. It giet dan ûnder oare om it Prinses Margrietkanaal. It iepen hâlden is bedoeld foar de beropsfeart, dy't op hieltyd mear plakken konfrontearre wurdt mei iis.

By Grou wurdt sûnt freedtemoarn in iisbrekker ynset om de rûte foar it pontsje nei De Burd begeanber te hâlden. It wurk wurdt dien troch it bedriuw fan Syb Bouius út Noardburgum. Neffens Bouius is it net it maklikste wurk: "It iis is brutsen en dêrnei friest dat wer oan elkoar en dan krije je gruttere problemen, want dan wurdt it iis folle dikker". Bouius sil yn elk gefal de kommende dagen aktyf bliuwe by Grou.

(advertinsje)