Brievebus yn Tichelwurk mei dochs bliuwe

02 mrt 2018 - 14:44

De brievebus yn Tichelwurk, in doarp oan de Dokkumer Ie, mei dêr dochs stean bliuwe. CDA-Twadde-Keamerlid Harry van der Molen fan Ljouwert skriuwt yn in tweet dat PostNL him dat yn in mail melden hat. Hy hie Keamerfragen steld oer it ferdwinen fan de brievebus út it doarp. PostNL hat besletten dat er bliuwe mei.

Van der Molen is bliid mei it beslút. Hie de brievebus fuort moatten, dan hiene de ynwenners fan Tichelwurk mei har post nei Wyns moatten. Dat is allinnich simmerdeis mei it pontsje oer de Dokkumer Ie berikber. Yn de winter hiene se dan nei Stiens moatten, seis kilometer fierderop.

Trefwurden: 
brievebus PostNL tichelwurk
(advertinsje)