FIDEO: Sa wint Hospes de koartebaanwedstriid yn Nijlemmer
Roettsjuster, min tsien en in straffe wyn, mar dêr luts Jesper Hospes him tongersdeitejûn neat fan oan. De reedrider fan It Hearrenfean wie op de koartebaanwedstriid yn Nijlemmer fierwei de rapste.
Op it natueriis waard Hospes earste troch Sandor Feenstra fan Terherne yn in streekrjochte konfrontaasje te ferslaan. Aron Romeijn waard tredde.