Kjeld op de freedsmerk: "De sterksten bliuwe oer…"

02 mrt 2018 - 13:48

It wie kâld en rêstich op de Ljouwerter freedsmerk. Fanwege de kjeld wiene der folle minder keaplju en ek folle minder klanten. "De sterksten bliuwe oer...", wie de gedachte. "Krekt as yn de natuer."

Dochs fûnen de measten wol dat bygelyks de grutte 'grazers' yn de Oostvaardersplassen byfuorre wurde moatte. "Dat dogge wy mei de fûgeltsjes ek, wat apenuten en 'mezenbollen'. Jou dy bisten dêr in pakje hea, wat jout dat no?" Oaren fûnen dat je de natuer har gong gean litte moatte. "Sa bliuwe de sterksten oer." In wrange ferliking waard noch makke mei hongersneed yn Afrika. "Daar voeren we toch ook bij en laten we de natuur zijn gang niet gaan?"

Foar de keaplju wie it net altyd like maklik om waarm te bliuwen, "mar we komme al, want der wurdt op ús rekkene."

Trefwurden: 
freedsmerk
(advertinsje)