Asbest frijkaam by brân yn leechsteande pleats Froubuorren

© Srfotografie
By de brân yn in leechsteande pleats yn Froubuorren is tongersdeitenacht asbest frijkaam. Dat meldt de gemeente Waadhoeke. De asbestdieltsjes lizze op it hiem fan de pleats oan de Waling Dykstrastrjitte en op in perseel derachter. It gebiet is mei linten ôfset om fersprieding fan it asbest foar te kommen.
Der is gjin asbest yn it iepenbiere gebiet of op de dyk telâne kaam. In spesjalisearre bedriuw sil it asbest opromje.