Fryske Boer Bart nominearre foar agrarysk ûndernimmer 2018

02 mrt 2018 - 12:55

Bartele en Rianne Holtrop fan de biologyske melkfeehâlderij Boer Bart yn Rotstergaast binne nominearre foar de titel 'Agraryske ûndernimmer fan it jier 2018'. De priis wurdt dit jier foar de 23ste kear útrikt en stiet foar foarútstribjend en ynnovatyf ûndernimmerskip. Yn totaal binne der fiif kânshawwers út it hiele lân. De winner wurdt op 29 maart bekend makke en krijt in jildbedrach fan 12.500 euro út hannen fan minister Carola Schouten fan Lânbou.

Op deselde dei wurdt ek de publykspriis útrikt oan de ûndernimmer, dy't de measte publyksstimmen krigen hat. Minsken kinne oant en mei 28 maart stimme fia de webside agrarischondernemer.nl.

(advertinsje)