Ariëns efter winner Schouten twadde op maraton Noordlaren

02 mrt 2018 - 12:30

Crispijn Ariëns is freed twadde wurden op de maraton op natueriis yn it Grinzer Noordlaren. De reedrider út Wolvegea koe net foarkomme dat Simon Schouten, foar de twadde kear dizze wike, de winst pakte. Efter Ariëns waard Remco Schouten tredde.

By de froulju einigen der gjin Friezen op it poadium. Beau Wagemaker wie yn Noordlaren de rapste. Kelly Schouten waard twadde en Emma Engbers tredde.

It wie de tredde en lêste maraton op natueriis dizze wike. De earste wie woansdei yn Haaksbergen; de twadde tongersdei yn Arnhem.

(advertinsje)