Farferbod op rûte nei Drachten; binnenfeart net bliid

02 mrt 2018 - 11:55
  • Farferbod op rûte nei Drachten
  • Douwe Groen fan it bedriuw Water-Land bevrachtingen

Provinsje Fryslân hat freed it farferbod útwreide. Fan 12.00 oere ôf jildt der ek in farferbod op de farrûte nei Drachten. Hoelang't it ferbod fan tapassing is, is noch net bekend.

De belangeferiening foar binnenfeartskippers is net bliid mei de útwreiding fan it farferbod. "Het is een ingrijpend besluit", fertelt Douwe Groen fan ferlader Water-Land bevrachting fan Frjentsjer. "Het doet de binnenvaart geen goed om de vaarwegen dicht te gooien", seit Groen. Wêrom't it beslút naam is, wit er net. "Misschien omdat het slecht is voor de walbeschoeiing, maar daar is geen duidelijkheid over."

Skippers moatte op syk nei oare rûtes want net farre kostet in soad jild. "Het economische belang wordt steeds vaker aan de kant geschoven, het stremmen van vaarwegen gebeurt steeds gemakkelijker", fertelt Groen. "Binnenvaartschippers lopen soms wel 1.500 euro per dag mis en moeten dus uitwijken naar andere opdrachten en vaarroutes."

Utsûnderingen

It farferbod yn Fryslân is no jildich op alle farrûtes, behalve op De Houkesleat oant en mei de yndustryhavens, it Van Harinxmakanaal, It Ferbiningskanaal en de Harnzer Feart, fanôf it Van Harinxmakanaal oant en mei de Kalkhaven, de Wide Greons, De Tynje en Nieuwe Kanaal (foar in part), fanôf Van Harinxmakanaal oant de Twadde Kanaalsbrêge, de farwei nei It Hearrenfean en de farwei Akkrum oant en mei it gemaal yn de Djipsleat.

Trefwurden: 
farferbod Drachten
(advertinsje)