Fiadukt fan 1,1 miljoen kilo teplak riden by De Jouwer

Op De Jouwer is freed in fiadukt fan 1,1 miljoen kilo swier teplak riden. It fiadukt komt yn de Haskerfjildwei, dat is de dyk tusken De Jouwer en Haskerhoarne. Troch de fernijing fan it ferkearsknooppunt by De Jouwer moat de dyk oanpast wurde.
Fertraging
Eins hie de hiele fernijing fan it knooppunt tongersdei al klear wêze moatten, mar troch de reinige omstannichheden ferline jier is it wurk fertrage. Om tiid yn te heljen, is der dêrom foar keazen om pylders en it betonnen weidek fan it nije fiadukt yn deselde perioade te bouwen. It weidek is earst 100 meter fierderop op in stellaazje opboud en is freed mei in op ôfstân bestjoerbere frachtwein mei lytse tsjillen teplak riden.
Presyzjewurk
"It is presyzjewurk", seit omjouwingsmanager Dirk Jan Lepstra fan de provinsje. "Der is oan beide kanten mar 2 sintimeter romte oer." Mente Bonestroo fan oannimmersbedriuw Van der Lee toant him tefreden dat it wurk, nettsjinsteande de kjeld, dochs trochgean kin. De spesjalistyske apparatuer en saakkundichheid dy't nedich is, is net samar op in oare dei wer te krijen. "Dan ben je zo een paar weken verder." De ferwachting is no dat it hiele knooppunt healwei dit jier klear wêze kin.