Oanpaste ôffearttiden fan en nei Skylge fanwegen iisgong

02 mrt 2018 - 11:14

In tige lege wetterstân yn kombinaasje mei iisgong soarget derfoar dat Rederij Doeksen de ôffearttiden oanpast fan de fearboaten dy't sneon en snein fan en nei Skylge geane. It giet om de middeis- en jûnstsjinsten. Dêrneist lit de rederij alle sneltsjinsten op sneon en snein ferfalle. 

Passazjiers fan en nei Flylân moatte rekken hâlde mei in langere reistiid.

Trefwurden: 
Skylge Rederij Doeksen
(advertinsje)