Ophef oer boeten foar parkearjende reedriders by De Broek

02 mrt 2018 - 11:07

Minsken dy't by De Broek te reedriden wolle, moatte der rekken mei hâlde dat se ek freed en sneon in bon krije kinne as se de auto oan de Swettepoelsterdyk parkearje. Sûnt tongersdeitemoarn jildt der in tydlik parkearferbod foar ien kant fan de dyk. By de Swettepoel is it drok mei riders en dus ek mei parkearders, en de helptsjinsten moatte wol oer de dyk komme kinne, stelt gemeente De Fryske Marren.

Tongersdei krigen tsientallen minsken in boete fan goed 100 euro, nei't de gemeente de ferbodsbuorden pleatst hie. Dat soarge foar in soad lilke reaksjes. De measte minsken fine dat de gemeente better earst warskôgje kinnen hie. Fanwegen alle ophef besjocht De Fryske Marren no oft se it miskien oars oanpakke moatten of kinnen hiene. "Safolle kommoasje kinst net samar oan de kant skowe'', seit in wurdfierder fan de gemeente.

(advertinsje)