Autoride mei 16 jier

01 nov 2011 - 16:33

Tiisdei mochten foar it earst jongeren fan 16 jier autoride. Yn Sweden, Dútslân, Frankryk en Noarwegen mocht dat al langer. Nederlân is hjir wat letter mei. Wa't it rydbewiis op 17-jierrige hellet, kin oant 18 jier mei in coach derby autoride.

Undersyk wiist út dat jongeren dy't krekt it rydbewiis hawwe dan minder ûngemakken feroarsaakje. Ek yn Fryslân binne der in soad jongeren dy't gebrûk meitsje fan de nije regel. It giet foarearst om in proef.

(advertinsje)