Nei seis jier sitte yn Moarkswâl wer reedriders oan de bar

02 mrt 2018 - 10:07

Freedtemoarn binne der nei seis jier wer reedriders oankaam by Kafee Moarkswâl yn Aldtsjerk. It giet om Leonard Tolsma en Ruurt Postma. Se binne om tsien oer seizen ôfset op de Bonkefeart yn Ljouwert. It wie neffens de manlju goed te dwaan, al kamen se ûnderweis al guon wekken tsjin.

No't de manlju de kroech op redens berikt hawwe, meie se harren nammen yn de balke fan it kafee skriuwe. Neffens kroechbaas Henk Breeuwsma is Moarkswâl allinnich mar fan de Ljouwerter kant te berikken. Op de rûte fan Dokkum ôf leit in grut wek.

Trefwurden: 
Moarkswâl
(advertinsje)