Kollum: "Befalling"

02 mrt 2018 - 07:29

"Ik siet fannewike te zappen en kaam út by 'Call the midwife' op de BBC. Dat is in searje oer froedfroulju yn it Londen fan de jierren '50 en '60. It is hearlik âlderwetsk mei moaie personaazjes en ik moat dan ek altyd efkes weromtinke oan myn eigen befallings.

Mei nûmer ien wie ik oer tiid en moasten se de befalling ynliede. Ik lei om acht oere moarns yn it MCL oan it ynfús. Ynearsten gong dat wol aardich en Jelle siet neist my op in grutte túnstoel. Hy koe moai op it skermke sjen wannear't der wer in fleach kaam en hoelang't dat duorre. Mar omdat it yn rap tempo fûleindiger waard en ik it amper byfytse koe, waard ik ek hieltyd segriniger. Ik lei dêr mar wat, koe net in kant út en dy kloatefleagen diene ferrekte sear.

De suster wie poerbêst, fierder en sei hieltyd 'okidoki'. 'Hielendal net OKIDOKI!' tocht ik. 'Ik lis hjir gfd te krepearjen'! Jelle krige tusken de middei waarm iten op syn lúkse túnstoel. Ierappels, beantsjes en fleis en ik koe wol oer myn nekke gean fan de rook fan dat miel. Ik ha him derút stjoerd en hie it smoar yn want ik lei dêr oan allegear slangen en hie de fleagen amper mear yn 'e macht.

'Ik moat in ferdôving ha!' rôp ik om in oere of ien. Ik koe net mear en doe krige ik in spuit yn it bil. Dat wie hearlik. Ik lei heal om heal te sliepen en de pine fan de fleagen rekke nei de eftergrûn. Sa kaam ik wer wat oan myn rêst ta en doe't de ferdôving útwurke wie, hie ik hast folsleine ûntsluting en krige ik parsfleagen. Dochs woe de poppe der mar min út. De gynekolooch drukte op myn bûk om en op in bepaald momint gong de hertslach fan de poppe nei ûnderen.

Doe ha se yn in fleach in knip setten en batsten de fakuümpomp deryn, teminsten sa fielde it. Der stiene ek wol sân minsken om my hinne te sjen nei wat der tusken myn skonken barde en úteinlik wie er der, ús Fonger. In sûn jonkje fan hast njoggen pûn en mem wie fan ûnderen oan pún. Mar it moaie is dat je alle ellinde fuortendalik ferjitten binne as de poppe sûn en wol op dyn boarst leit en de tiid hielet lokkich alle wûnen.

Nûmer twa wie ek te let, dus moast ik wer oan it ynfús, mar Rixt kaam tusken de middei, dus dat gong al in stik flotter as mei de earste. De tredde kear kamen de fleagen lokkich wol thús. Ik wie wer oer tiid, mar wy hiene in stabijhûn, Bouke, en hy wie op in bepaald stuit net by my wei te slaan. 'It duorret net lang mear en Bouke fielt dat oan,' sei ik mar nimmen naam my serieus. It wie al sa en doe't ik by it oanrjocht stie om de earste fleach op te fangen, siet Bouke neist my. Hylke en Teunis binne beide thús berne en dat fûn ik gâns better as oan it ynfús.

'Call the midwife' is realistysk op in swiete manier. It libben is gjin mearke en in poppe krije al hielendal net. De kâns dat je nei de tiid op in deariden poes sitte is grutter as op in sachte rôze wolk. Dochs fûn ik wol dat je mei in befalling hiel ticht by de oerboarne fan it libben yn ferbining stean en op in bepaalde manier jout it in soad krêft. Dus ja, ik ha der moaie oantinkens en fjouwer prachtige bern oan oerholden."

(advertinsje)