Brânwacht rydt út nei pleats Froubuorren en stâl Minnertsgea

02 mrt 2018 - 06:28

De brânwacht yn Fryslân hat tongersdeitenacht mei in soad minsken en ark yn aksje west om twa brannen te bestriden. De earste wie yn Froubuorren. Dêr ûntstie tsjin tolven in útslaande brân yn in leechsteande pleats oan de Waling Dykstrastrjitte. Al gau waard dúdlik dat de pleats net te rêden wie.

De korpsen fan Sint-Anne en Stiens, in heechwurker út Ljouwert en in grut wettertransport út Grou waarden dêrnei ynset om foar te kommen dat it fjoer nei oare gebouwen oersloech. Dat risiko wie behoarlik grut troch de hurde wyn, it drûge waar en rûnfleanend fjoer. Ut foarsoarch is der ien wente ûntromme, omdat it net wis wie oft der ek asbest frijkaam wie.

Twadde brân

Letter dy nacht wie it raak yn in stâl mei hûndertsechtich kij by Minnertsgea. De korpsen fan Menaam, Mantgum, Frjentsjer en Harns hiene it fjoer gau ûnder kontrôle. Fjouwer keallen rekken by de brân dea en de boer is neisjoen yn in ambulânse, omdat der bleatsteld wie oan reek.

(advertinsje)
(advertinsje)