Rêdingsbrigade Drachten oefenet om minsken út wek te rêden

Frijwillich in wek yn springe. Dat is wat in tal frijwilligers fan de Rêdingsbrigade Drachten tongersdeitejûn diene. Yn oerlibbingspak doarden guon dat wol oan, wylst kollega's op ferskate wizen besochten harren der wer út te krijen. It makket bygelyks wol wat út as besocht wurdt immen út in wek te heljen dy't sels meihelpe kin of dat it slachtoffer út de tiid is.
Foardat de oefening úteinsette, krige elkenien ynstruksjes. It komt net faak foar dat der sa yn de praktyk oefene wurde kin op echt iis. En alles wat leard wurdt, wurdt ek yn de praktyk brocht. Ien frijwilliger hat fan 'e wike mei har famylje by De Feanhoop al in reedrider helpe kinnen dy't troch it iis sakke wie.