Stroetinga sechsde op ûnderdiel scratch op WK baanhurdfytsen

01 mrt 2018 - 21:04

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is tongersdei by it WK baanhurdfytsen yn Apeldoorn as sechsde einige op it ûnderdiel scratch. De Fries moast de winst litte oan de Wyt-Rus Karaliok. It sulver wie foar Scartezzini út Italië en Scotson út Australië wûn it brûns. Kommende snein komt Stroetinga noch yn aksje op it ûnderdiel koppelkoers.

(advertinsje)