Feilichheidsregio wol mear omtinken foar slachtoffers

01 mrt 2018 - 20:52

Feilichheidsregio Fryslân wol dat by kalamiteiten mear oandacht is foar slachtoffers. Fierders moat der tenei rapper in bistedokter ynskeakele wurde, as bisten belutsen binne by in kalamiteit, en der soene mear foarljochters ynset wurde moatte by ynsidinten mei in soad media-oandacht. Dat binne de útkomsten fan de evaluaasje fan Feilichheidsregio Fryslân fan grutte ynsidinten yn de ôfrûne jierren.

Ut de evaluaasje docht ek bliken dat der in protte saken goed gean. Sa binne de measte slachtoffers bliid mei de snelheid en adekwaatheid fan de helpferliening nei in ynsidint. "We wolle graach sa goed mooglik help biede by in ynsidint. Dêrom evaluearje wy alle krisissituaasjes mei de belutsen krisisfunksjonarissen. En sûnt koart ek mei de belutsen slachtoffers sels", seit klusterhaad Rika Leijstra fan Feilichheidsregio Fryslân.

(advertinsje)