Gryp en kjeld soargje foar mear stjergefallen dizze winter

01 mrt 2018 - 20:44

It tal stjergefallen leit dizze winter heger as yn de foargeande winters. Dat meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). De hegere stjertesifers hawwe te krijen mei it kâlde winterwaar en de grypepidemy dy't Nederlân al alve wiken yn syn greep hat. Hjirtroch lizze der ek folle mear minsken mei gryp yn sikehûzen.

Benammen âldere minsken hawwe lêst fan de kjeld en de gryp, sa seit sûnensorganisaasje Nivel. Under dizze groep leit it stjertesifer dan ek it heechst.

Trefwurden: 
stjerte
(advertinsje)