FNP Smellingerlân hiert foar ien kear eigen sjoernalist yn

01 mrt 2018 - 20:38

Politisy yn Smellingerlân hawwe grutte soargen oer de takomst fan de lokale sjoernalistyk. Yn de lokale kranten stiet hast nea mear in stikje oer de gemeenteriedsgearkomste, en dat moat oars, fynt de FNP. Dy partij hat no in eigen sjoernalist ynhierd om ferslach te dwaan fan de riedsgearkomste. Dat ferslach is tongersdei hûs oan hûs ferspraat, yn it gemeentlike krantsje.

De útfiering fan dit idee is mar foar ien kear, seit Reitze Jonkman fan de FNP. Hy hopet dat nei de gemeenteriedsferkiezingen fan 21 maart genôch stipe yn de ried is om it faker te dwaan, mar op dit stuit sjocht it dêr net nei út.

(advertinsje)