Lanlike proef op oare wize stimmen telle ek yn Harns

(foto as yllustraasje) © ANP
Harns is ien fan de 22 gemeenten dy't by de kommende gemeenteriedsferkiezingen meidocht oan in proef mei it oars tellen fan de stimmen. Sagau't de stimburo's ticht binne, telle de meiwurkers fan de kieslokalen allinnich de stimmen fan elke partij en net mear fan elke kandidaat. Dat moat liede ta in earste útslach, dy't op de ferkiezingsjûn bekend makke wurdt. In dei letter telt in oare ploech, mei in frisse blik en yn alle rêst, hoefolle stimmen oft elke kandidaat persoanlik krigen hat. Dan witte kandidaat-riedsleden oft se foarkarstimmen genôch krigen hawwe om ferkeazen te wurden.
De proef moat dúdlik meitsje oft it effisjinter en betrouberder is om earst alle stimmen fan in partij te tellen. It eksperimint is betocht troch it ministearje fan Binnenlânske Saken. De gemeenteriedsferkiezingen binne op 21 maart.