Ineke Dedden en Bart de Vries winne maraton yn Arnhem

01 mrt 2018 - 20:26

Ineke Dedden fan It Hearrenfean hat tongersdeitejûn de twadde maraton op natueriis foar froulju wûn. Dy wie yn Arnhem. Nei sechstich rûntsjes wûn se de sprint fan in kopgroep fan fiif. Roza Blokker kaam as twadde oer de einstreek. Nicky van Leeuwen waard tredde. Manon Kamminga, de winner fan de maraton fan woansdei, yn Haaksbergen,waard dizze kear sechsde.

By de manlju wie Bart de Vries fan It Hearrenfean de sterkste. It twadde plak wie foar Erik Jan Kooiman. Crispijn Ariëns fan Wolvegea waard tredde. De manlju rieden 100 rûntsjes. Jorrit Bergsma, winner fan Olympysk sulver op de 10 kilometer yn it Súd-Koreaanske Pyeongchang, foel al frij gau út.

De tredde en lêste maraton yn de reeks is freedtemoarn yn Noardlaren. Yn it wykein wurdt teiwaar ferwachte. Simon Schouten wûn woansdei de earste maraton op natueriis, yn Haaksbergen.

(advertinsje)