Boer yn Jirnsum moat better op fee passe, seit NVWA

01 mrt 2018 - 17:38

De Nederlandse Voedsel-  en Warenautoriteit hat tongersdeitemiddei in boer yn Jirnsum oantrune better op de bisten te passen. It giet om kij en skiep. Neffens de NVWA wurde de bisten troch de boer net goed fersoarge.

Meikoarten is der wer in kontrôle. Mocht de fersoarging dan noch net goed wêze, dan folgje der mooglik oare maatregels. De NVWA krige by de kontrôle help fan de plysje.

(advertinsje)