Feroarsaker ûngelok De Jouwer wie mei mobyl dwaande

01 mrt 2018 - 17:36

De frachtweinsjauffeur, dy't oardel jier lyn foar de rotonde fan De Jouwer mei hege snelheid op in file ynried, wie mei syn mobile telefoan oan de gong. Dat die tongersdei bliken by de behanneling fan de rjochtsaak yn Ljouwert.

By it ûngelok rekken in 31-jierrige man út Snits en syn 29-jierrige frou swier ferwûne. Harren dochterke fan in jier rekke licht ferwûne. De man ferstoar njoggen dagen letter yn it sikehûs oan syn ferwûningen. De mem sit foar de rest fan har libben yn in rolstoel. Yn in slachtofferferklearring sei de frou dat se har fan har gelok berôve fielt.

De 40-jierrige frachtautosjauffeur út Mijdrecht wie neffens eigen sizzen pornosites oan it fuortheljen fan syn mobyl. Syn frou wie derachter kaam dat hy sokke websiden beseach en soe him krekt foar it ûngelok lilk opbelle ha. Justysje ferwyt de beropssjauffeur dat er tige ûnfoarsichtich riden hat. Tsjin de man is njoggen moanne sel en in rydûntsizzing fan oardel jier easke. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)