UPDATE: Jesper Hospes wint koartebaanriderij Nijlemmer

Jesper Hospes hat tongersdei de koartebaanriderij yn Nijlemmer wûn. De wedstriid wie net de earste lanlike wedstriid op natoeriis, mar it bestjoer fan de iisklup fan Nijlemmer is hiel bliid dat der tongersdeitejûn in koartebaanwedstriid ferriden wurde koe op de iisbaan yn it doarp. Sy hawwe neat dien om derfoar te soargjen dat der iis genôch wie. Dat is oerlitten oan de natoer. De lêste wekken wiene gelokkich op 'e tiid ticht. Mar dêrmei wienen se der noch net.
Tongersdeitemiddei is noch in healoere wurke om ûnder oare de flaggen op te hingjen en de start en finish deryn te lizzen.