UPDATE: Stâl mei 130 kij ûntromme fanwege brân

01 mrt 2018 - 16:51

De stâl oan de Leijen op 'e Gordyk is yntusken ûntromme. Dat lit de brânwacht witte. Yn de stâl ûnstie tongersdeitemiddei brân, nei alle gedachten by de melkmasine. Omdat by de brân in soad reek frijkaam, moasten alle 130 kij dy't yn 'e stâl stiene, nei bûten. Dat is neffens de brânwacht yntusken achter de rêch. De kij lykje net folle hinder hân te hawwen fan de brân.

Oer de oarsaak fan de brân en oer eventuele skea is noch neat bekend. De brân is al wol út.

Trefwurden: 
brân De Gordyk
(advertinsje)