VVD Hearrenfean wol brêgebetsjinning sûnder skoft

© Google Streetview
De brêgen yn de gemeente Hearrenfean moatte yn it wettersportseizoen de hiele dei betsjinne wurde. Dat wol de fraksje VVD yn de gemeente. Wettersport is belangryk foar de gemeente, seit de VVD. Dan moatte jo as wettertoerist de hiele dei farre kinne en net ôfhinklik wêze fan it skoft fan de brêgewipper.
De partij hat praat mei ynwenners fan Akkrum en Nes. Dy sizze dat de brêgen geregeld in skoftlang net betsjinne wurde. Of it wurdt mei de hân dien, wylst dat yn it ferline automatysk gie. De VVD freget boargemaster en wethâlders om opheldering.